Kollum: "Mei de balsek yn hyt wetter"

02 okt 2018 - 07:38

"Kenst se der net út. Oan de bûtenkant is alles itselde. Se rinne sa't alle manlju rinne, behalve as it krekt bard is. Dan waggelje se as in ein mei kramp yn de poaten. Ik ha it oer leden fan de stosiedklup. Mannen dy't de kwarkliedings trochbrâne litten ha. Dy't der in knoop yn ha en sadwaande allinne noch stosied produsearje. Mannen dy't dus sterilisearre wurden binne.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De toan fan Willem Schoorstra

De measte manlju ha in biologysk ynspirearre driuw om harren fuort te plantsjen. En om net te diskriminearjen: de measte froulju ha dat ek. No kinne der ferskillende redenen wêze wêrom't in man seit: 'It moat mar net'. Hy is te jong en is der noch net oan ta. Hy is al wat âlder, mar is net wis fan syn relaasje. Of hy hat al in pear fan dy hannebinerkes en is klear mei brutsen nachten, de lucht fan skytruften en it skjinfeien fan snotnoazen.

De man yn dy posysje hat in pear opsjes. Yn 't foarste plak it kondoom. Behoarlik betrouber, te krijen yn alderhande farianten, mar ek in partypooper. Want krekt as it gesellich is, moat de man syn entûsjaste ûnderdien in reinjas oanlûke. Net echt in hichtepunt yn it eroatysk boartersspul.

Yn it twadde plak kin de man him talizze op de saneamde coïtus interruptus, oftewol it foar it sjongen de tsjerke of de moskee út. In nuodlike metoade dy't net allinne in protte selsbehearsking freget. In perfekte timing is allike wichtich, want foar't je it witte binne je likegoed oan in romhertich 'halleluja!' ta.

Noch in mooglikheid is in tip fan Hippokrates, jimme witte wol, dy fan de eed. Dy riede manlju oan om de balsek trije kertier yn in badsje mei wetter fan 47 graden te hingjen. Dat docht krekt net sear en giet de produksje fan sperma tsjin.

Trije kertier op 'e hurken sitte mei de balsek yn hast hyt wetter. Dat is grif effektyf. Ik bedoel, wa't dan noch sin oan seks hat, hat in selibaat fan op syn minst tsien jier efter de rêch. Soks, en sterilisaasje, binne de mooglikheden foar de man dy't seit: 'It moat mar net'.

It is wol sa dat der al 50 jier oer in mannepil praat wurdt. Foarige wike ek wer. Undersikers yn Seattle en Los Angeles eksperimintearje mei in pil dêr't de stof DMAU yn sit. In middel sûnder hormoanen, wat op himsels in posityf gegeven is.

DMAU is in fergif dat basearre is op ouabaïne, in plant dy't Afrikaanske striders en jeiers fan âlds brûkten om de proai mei te deadzjen. Behalve bisten deadzje liket it ek de spermasellen te blokkearjen. De testen rinne noch en de risseltaten moatte ôfwachte wurde.

De fraach 'brûksto de pil ek?' fan in frou oan in man sille wy lang noch net hearre. Ear't it safier is draait it foar in man noch hieltyd op in reinjas út. Of op in trochbrânde kwarklieding. Of op trije kertier op de hurken mei de sek yn hyt wetter sitte."

(advertinsje)