Entûsjaste reaksjes op de film oer it Waad: "Ik bin der stil fan"

02 okt 2018 - 07:15

In soad entûsjaste reaksjes moandeitejûn nei de premjêre fan Wad, de nije film fan filmmakker Ruben Smit oer it Waad.

Ruben Smit sprekt it publyk ta. - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Sa'n 2300 minsken wiene by de premjêre yn it WTC Expo yn Ljouwert oanwêzich. Lutz Jacobi, direkteur fan de Waadferiening fynt it in tige belangrike film dy't krekt sjen lit wêrom't it Waad behâlden bliuwe moat.

"Ik bin der stil fan", sei Jacobi. "Wat der ûnder it wetter sit, sjogge minsken net. As wy nei de eilannen gean, fleanst oer it wetter en komst oan. Dat is it dan ek. Fan Maastricht oant Grins: elkenien moat de film sjen."

Wat kun je hier nou van zeggen?

Ruben Smit

Hast alle taskôgers diele dy miening. 'Prachtich', 'geweldich' en 'ymposant' wie hast oeral te hearren. Krityk wie der eins net. 'Allinnich de stuoltsjes sieten hurd', wie in faak hearde klacht. "Wat kun je hier nou van zeggen?"

Ruben Smit hie der sels gjin wurden foar. "Ik denk dat het wel geslaagd was, maar het moet nog een beetje zinken. Op een gegeven moment moet je het loslaten en om je heen kijken. Dit kan niet mooier, toch?"

Ruben Smit sprekt it publyk ta. - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Trefwurden: 
film Ruben Smit Wad
(advertinsje)