Ljouwerter falt treinmasinist en kondukteur oan
In 18-jierrige Ljouwerter is moandeitejûn oanhâlden op it stasjon yn Mantgum nei't hy de masinist en kondukteur oanfallen hie.
De man wie út de trein set om't hy gjin kaartsje hie, mar gie dochs wer nei binnen en foel de beide manlju oan.
Der ûntstie in wrakseling wêrby de spoarmeiwurkers de Ljouwerter ûnder kontrôle brochten en oerdrage koene oan de plysje. De man sit fêst foar fierder ûndersyk.