Fryske bestjoerdersdei moat gearwurking oerheden fersterkje

Yn it provinsjehûs is moandei de earste Fryske Bestjoerdersdei hâlden. De dei is in inisjatyf fan de provinsje, de Vereniging van Friese Gemeenten VFG en it Wetterskip Fryslân. De bedoeling fan de dei is om de gearwurking tusken de ferskate oerheden te ferbetterjen.
Arno Brok © Omrop Fryslân
Benammen op it mêd fan grutte tema's as miljeu, wetter en greidefûgels wolle de oerheden de gearwurking fersterkje. "We binne ien Fryslân, mei 650.000 ynwenners. Dêr dogge we it foar", sei kommissaris fan de kening Arno Brok yn syn iepeningswurd. Pyldertinken past dêr net by.
Arno Brok en Ferd Crone oer de Fryske Bestjoerdersdei
De ferskate oerheden moatte gebrûk meitsje fan elkoars kennis yn it belang fan de hiele provinsje, wie it boadskip fan Brok.
"Iedereen denkt van nature vanuit je eigen verhaal: hoe krijg je dat voor elkaar?", sei Ferd Crone, boargemaster fan Ljouwert. "Dat is bij de overheid niet anders dan in het bedrijfsleven. Tegelijk zie je dat om je heen mensen om je heel ook ideeën hebben. Gemeenten hebben niet zelf alle ambtenaren en deskundigheid."

Inoar tsjinkomme

"Wy komme elkoar wol faak tsjin", sei Brok, wêrmei't er doelde op himsels en de Fryske boargemasters. "Mar it giet om folle mear: de minsken dy't yn de gemeenteried sitte, of yn de Steaten, of yn it algemien bestjoer fan it Wetterskip, dy komme elkoar net geregeld tsjin. Sa'n earste Fryske Bestjoerdersdei is in moai momint om elkoar tsjin te kommen."