Stadionferbod Fean-fan foarby

07 nov 2011 - 12:34

Luuk Smink koe ôfrûne sneon wer nei de wedstriid fan syn klup SC Hearrenfean. Ferline jier waard him in stadionferbod fan 4,5 jier oplein. Him waard ferwiten dat ern fakkel ôfstutsen hie en in stoel fernield hie. Neffens Smink wie dat net sa en hy focht it beslút dan ek oan.

Nei in jier fan prosedueres hat er gelyk krigen en mocht er yn Kerkrade wer by de wedstriid fan SC Hearrenfean tsjin Road JC op de tribune sitte. Hy seacht dat syn klup mei 2-1 wûn.

(advertinsje)