KNRM rêdt fjouwer minsken op it nipperke fan it Waad

01 okt 2018 - 21:43

De KNRM Harns hat moandei fjouwer minsken rêden. De minsken sieten yn in rib mei in kapotte bûtenboardmotor. In rib is in rappe rubberboat.

It is net bekend hoe't it no mei de fjouwer is. De KNRM Harns hie it drok moandei, want dêrnei kamen se ek noch yn aksje by de Ofslútdyk. Der waarden seis minsken fan in ponton helle. It is net bekend wat der oan de hân wie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)