Malik Azmani VVD-listlûker foar Europarlemint
Ald-Hearrenfeanster Malik Azmani wurdt listlûker foar de VVD by de kommende ferkiezingen fan it Europeesk Parlemint. Dy ferkiezingen binne yn maaie. Der wiene gjin tsjinkandidaten. Azmani sit no yn de Twadde Keamer foar de VVD.
De 42-jierrige Azmani folget Hans van Baalen op, dy't him no rjochtet op in sit yn de Earste Keamer.
Azmani waard berne op It Hearrenfean. Syn mem is Friezinne.