Marga Waanders: oprop A7-blokkade miskien ûnderskat

De oprop om de anty-Swarte Pyt-demonstranten foar de yntocht yn Dokkum op de A7 tsjin te hâlden, is troch de gemeente Dongeradiel miskien wol ûnderskat. Dat seit boargemaster Marga Waanders yn It Polytburo. Nije wike tsjinnet foar de rjochtbank yn Ljouwert de saak tsjin de blokkearders. Waanders sels hoecht dêr net te ferskinen, har lokoboargemaster Pytsje de Graaf is wol oproppen. Sy wie op de dei sels foarsitter fan de feiligenstrijehoeke.
Marga Waanders yn It Polytburo
"Achterôf kinst sizze: miskien hienen we noch better sjen moatten nei dy earste oprop fan de blokkade, dat dat wolris trochsette koe", sei Waanders moandei. "Dêr binne we net fierder op trochgien. Fanút it Iepenbier Ministearje ha we it berjocht ôfjûn: jonges, dit kin net. Dat ha we miskien ûnderskat, mar oars wie it noch bard, neffens my."

Waadhoeke

Ein dizze moanne wurdt Waanders ynstallearre as boargemaster fan de nije gemeente Waadhoeke. Yn buorgemeente Dongeradiel hat se dan hast tsien jier boargemaster west.
"It is in moaie, jonge gemeente", seit Waanders. "Der moat noch in soad ûntwikkele wurde, ûnder oare op ekonomysk mêd. Wêr sitte de kânsen foar it prachtich moaie gebiet?"
Yn Waadhoeke krijt se ek te krijen mei in oare taalsitewaasje, fanwege it Biltsk. Se sil har ek ynsette foar dy taal. "Dat heart ek sa, fyn ik. It Biltsk moat beholden bliuwe. Net allinnich foar de taal sels, mar taal is ek in kultuerdrager."
Waanders komt sels út Twinte. Yn Fryslân hat se it Frysk leard, mar no wol se har ek oan it Biltsk weagje: "It Frysk kin ik wol aardich. It Biltsk kin ik ferstean en lêze. Mar ik doch in tasizzing: ik wol op kursus foar it Biltsk. Ik ha it idee dat it Biltsk dreger wurdt dan it Frysk."

Ekonomyske status Dokkum

Doe't Deputearre Steaten yn septimber mei it advys kaam om Dokkum út de saneamde 'Earedifyzje' fan Fryske plakken, as it giet om ekonomyske kennissônen. Dêr wie Waanders bot teloarsteld oer: "We wienen it der net mei iens. Dan moatte we derop reagearje en sizze: dit kin net. We wurkje yn regionaal ferbân hiel goed gear mei de provinsje, mar sa no en dan binne we it net mei-inoar iens."
It protest fan Dokkum hie sukses. Deputearre Steaten lit de stêd yn de 'Earedifyzje'.