Jong SC Cambuur ferliest mei lyts ferskil by koprinner

Jong SC Cambuur is moandei tsjin it tredde ferlies yn fjouwer wedstriden oanrûn. Op besite by koprinner Heracles Almelo waard it 3-2.
Stanley Akoy yn in eardere wedstriid foar Jong Cambuur © www.orange-pictures.nl
Stanley Akoy soarge healwei de earste helte noch wol foar in Ljouwerter foarsprong yn it Polman Stadion. Jesper Drost sette de ploegen wer op gelikense hichte.
Pas tsien minuten foar tiid kaam Heracles op 2-1. Zeki Erkilinc makke de goal. Fiif minuten letter sette Joey Konings de thúsploech sels op 3-1. Dêrnei die Rashaen de Windt noch wol wat werom foar Jong SC Cambuur, mar in gelykspul siet der net mear yn.