Friesland Lease platbelle troch bernedeiferbliuwen nei Stint-ferbod

De Stint mei net mear op de iepenbiere dyk brûkt wurde. Dat is in strop foar Friesland Lease. It bedriuw is oerfallen troch it nijs en wurdt platbelle troch bernedeiferbliuwen dy't no mei de hannen yn it hier sitte.
Se ferfiere op dit stuit in soad bern mei de elektryske bolderbak, mar kinne dy no dus net mear brûke.
Foarbyld fan in Stint-bakfiets © stintum.com
Oanlieding foar it ferbod is it ûngelok op 20 septimber yn Oss, dêr't fjouwer bern by om it libben kamen neidat in Stint op it spoar oanriden waard troch in trein.
Ut ûndersyk fan de Inspectie Leefomgeving en Transport, plysje en NFI komme twivels nei foaren oer de technyske konstruksje fan de Stint. Dêrtroch soe de Stint stilfalle kinne of just net mear remje kinne.
Bernedeiferbliuwen út it hiele lân brûke Stints. Friesland Lease hat der 1.200 ferhierd yn it hiele lân. Dêrfan binne der ek hûnderten yn Fryslân.

"Gjin feiligere wize"

Jan Baljeu fan Friesland Lease fynt noch hieltyd dat der gjin feiligere wize is om bern te ferfieren. It wie bekend dat alle Stints neisjoen wurde soenen nei it ûngelok yn Oss. Baljeu tocht dat it in ferkennend ûndersyk wie oer de feilichheid. Dat der no in ferbod komt, is foar him in ferrassing.
Jan Baljeu fan Friesland Lease

Yngripend beslút

Minister Van Nieuwenhuizen joech nei it beslút in parsekonferinsje: "Ik besef dat dit een ingrijpend besluit is, met ook praktische gevolgen voor de kinderdagverblijven. Maar iedereen realiseert zich dat de veiligheid vooropstaat. Daarom heb ik dit besluit genomen."