Sportoersjoch: Puntsje foar Hearrenfean, sukses foar Noppert en Ausma

01 okt 2018 - 18:50

Alle moandeis sjogge we yn Fryslân Hjoed werom op de Fryske sportprestaasjes yn it ôfrûne wykein. Diskear skoot sportferslachjouwer Roelof de Vries oan.

It giet noch hieltyd net geweldich mei SC Hearrenfean. De Friezen hienen de saken achteryn better foar elkoar tsjin ADO Den Haag, mar winst siet der op 'e nij net yn: 1-1. Jan Olde Riekerink is no sân wedstriden haadtrainer. Wurdt de druk al opfierd?

Der wie Frysk dartsukses yn Dublin. Danny Noppert fan De Jouwer wûn dêr dit wykein syn earste PDC-toernoai. Yn de Ierske haadstêd begjint er moandei boppedat oan de World Grand Prix, in belangryk telefyzjetoernoai.

Formule 2-koereur Nyck de Vries kin ek weromsjen op in prima wykein. Yn Sotsji waard er ien kear tred en ien kear fjirde. Dêrmei docht De Vries boppedat goede saken foar it klassemint.

Fryslân hat der in nij Nederlânsk kampioene by. Judoka Natascha Ausma pakte yn Almere de titel foar judoka's ûnder de 70 kilo. Dat waard ek wolris tiid, sei de noch mar 22-jierrige Lippenhúster.

Mei Harkemase Boys gie it dit wykein minder goed. Op besite by DOVO kamen de Harkiten noch mei 0-2 foar, mar nei 90 minuten stie der 4-2 foar de thúsploech op it skoareboerd.

En paraswimmer Gerrit Dijkstra baalt. Hy soe sneon de Iselmar oerstekke. Dy striid moast er nei 3 kilometer stake, om't syn spieren it kâlde wetter net oan koene.

Trefwurden: 
Sportoersjoch
(advertinsje)