Proeffakken mei oanpaste lym foar seedyk Wierum

01 okt 2018 - 18:48

Der wurde proeffakken oanlein mei in oanpaste lym op de Waadseedyk by Wierum. De spesjale lym moat eroazje op de seedyk tsjingean.

De stienlaach fan no lit diels los. Dat komt, nei alle gedachten, troch de ôffalstiennen dy't foar de Wierumer kust lizze. Dy 'skjirje' by de seedyk del. In sterkere laach moat de eroazje tsjinhâlde.

Nei it stoarmseizoen, yn de maitiid fan 2019, sil Wetterskip Fryslân besjen hokker lym geskikt is foar de dyk by Wierum.

Ido Boonstra, Wetterskip

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Trefwurden: 
Wierum Waadseedyk
(advertinsje)