'Wedstriid fan de wike': kompetysjestart fan follybalklup VC Snits

VC Snits set sneon útein mei it nije follybalseizoen. De froulju nimme it yn de earste wedstriid fan de kompetysje op tsjin Set-Up '65 út Ootmarsum. It is de 'Wedstriid fan de wike' by Omrop Fryslân.
© Omrop Fryslân
It is tagelikertiid in bysûndere wedstriid foar Paul Oosterhof. Hy is de nije coach fan VC Snits en kaam foar dit seizoen oer fan Veracles yn Grins. "It betsjut ek syn debút op it heechste follybalnivo fan Nederlân. Boppedat hat hy fiif spylsters meinaam fan Veracles nei Snits", fertelt sportferslachjouwer Andor Faber.
"It is nijsgjirrich om te sjen hoe't dy nije froulju har hâlde by VC Snits. It is dochs in folle gruttere klup, dy't by de bêsten fan Nederlân heart."
De wedstriid wurdt sneon fan 18.00 oere live útstjoerd op ús webside en yn de Omropapp. Yn de oanrin nei de wedstriid sille wy ek noch fierder yn de kunde komme mei Oosterhof.
Paul Oosterhof, hjir noch coach fan Veracles © vizier op volleybal
Omrop Fryslân docht de 'Wedstriid fan de wike'. Alle wiken stiet op radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.