Ofskiedsbrief fan jonge fersetsstrider docht mei oan ferkiezing 'Stuk van het Jaar'

Mei de neilittenskip fan de jonge fersetsstrider Folkert Bergsma docht Tresoar yn gearwurking mei it Fries Verzetsmuseum mei oan de ferkiezing 'Stuk van het Jaar 2018'.
"Weest sterk. De genade des Heren Jezus Christus en de liefde Gods en de gemeenschap des Heiligen Geestes zij met jullie allen. Jullie moeten maar veel Gezang 17 zingen. Ik zal deze waarheid gauw ondervinden. Dáág, Folkert."
Dit binne de lêste wurden fan de tweintichjierrige Folkert Bergsma oan syn famylje, skreaun op 14 febrewaris 1944. Twa dagen letter wurdt hy fusillearre troch de Dútske besetter by Schiphol, fanwege syn rol yn in fersetsgroep yn Seisbierrum.
Nei de befrijing identifisearret syn heit him oan de hân fan stikjes fan syn klean en in grutte toefe hier. In kâld oantinken oan in jonge studint en fersetsstrider dy't it heechste offer brocht foar dêr't er yn leaude.

Folkert fertelt syn ferhaal

Yn de moanne oktober fertelt Folkert syn ferhaal fia social media en de webside fan Tresoar. Fia syn eigen Facebookside en de webside fan Tresoar fertelt hy oer wa't hy wie en hoe't hy by it ferset belutsen rekke. Sa komme de lêste dagen fan Folkert ta libben.
De ôfskiedsbrief, hierlok en kleanresten fan Folkert binne de folsleine moanne oktober ûnder de iepeningtiden te sjen yn de stúdzjeseal fan Tresoar. Tagong is fergees.
© Fries Verzetsmuseum

Stuk van het Jaar

45 Argyfynstellingen dogge dit jier mei oan de lanlike ferkiezing 'Stuk van het Jaar', yn it ramt fan de Maand van de Geschiedenis. It tema foar dit jier is 'Opstand'. Yn 2014 wûn Tresoar de titel mei de leafdesbrief fan soldaat Romke Eelkes Zandstra.

Stimme kin op www.stukvanhetjaar.nl/tresoar.