Skylge begjint mei oanpak woekerplant wetterkrassula

01 okt 2018 - 16:22

Op Skylge is moandei in begjin makke mei it fuortheljen fan de agressive woekerplant wetterkrassula. It plantsje komt fan oarsprong net foar op it eilân en ferkringt bysûndere plantesoarten.

Foto: Omrop Fryslân, Ilse Hermanides

Yn de besmette gebieten Grote Plak en Klein Meisterplak wurdt fjirtich sintimeter grûn ôfgroeven. Dy grûn wurdt fuortstoppe yn in drûch dún flakby. Wetterkrassula kin dêr net groeie, omdat de plant syn gerak allinne krijt yn fochtige grûn.

De besmette grûn wurdt ynpakt yn woarteldoek en ôfdutsen mei in laach skjin sân, sadat de plant him net fierder ferspriede kin.

It gebiet is op it heden ôfsletten. Der is in skerm delset om amfibyen lykas podden en hagedissen te kearen, omdat dy lytse restjes fan de wetterkrassula ferspriede kinne. Fan dêrút soe de plant dan wer maklik fierder groeie kinne.

De wetterkrassula is ek fûn yn Groot Meisterplak en Waterplak op Skylge. Dy gebieten binne ek ôfsletten, om fierdere fersprieding foar te kommen.

Trefwurden: 
Skylge wetterkrassula
(advertinsje)