Winterrêst giet wer yn: boeien markearje fûgelrêstgebieten

01 okt 2018 - 15:41

Op de boeien dy't de fûgelrêstgebieten (foarhinne winterrêst) markearje, binne nije stickers kommen. Fan 1 oktober ôf begjint it rêstseizoen foar fûgels wer. Boatsjeminsken en oare wettersporters wurde frege dy gebieten oant 1 april net yn te farren. Dit jier komme der mear boeien yn it wetter.

Foto: Provinsje Fryslân

De fûgelrêstgebieten lizze benammen yn it Fryske Marregebiet en de Alde Feanen. Fan 1 oktober oant 1 april libje dêr bysûndere winterfûgels, lykas de piiptjilling, slobein en lytse seachbek. Se ite en rêste hjir om reserves op te bouwen foar de lange flecht nei de simmerferbliuwen. It is wichtich dat se net sûnder needsaak opfleane, want dat kostet in soad enerzjy en dan stûket it opbouwen fan reserves.

Gun de fûgels rêst

In boatsje kin soms op hûnderten meters ôfstân fan in groep fûgels al foar foldwaande ûnrêst soargje om se opfleane te litten. Dat jildt net allinne foar motorboatsjes, mar ek foar kano's, sloepkes, sylboaten en sels foar fuotgongers op 'e wâl. Om te faak opfleanen foar te kommen, is it wichtich om de fûgelrêstgebieten net yn te gean.

Sjoch hjir de eksakte lokaasjes fan de fûgelrêstgebieten.

(advertinsje)