"Pauperfontein moat yn it Fries Museum"

De Pauperfontein moat opnaam wurde yn de kolleksje fan it Fries Museum yn Ljouwert. Dat fine de inisjatyfnimmers.
© Omrop Fryslân, Evert van den Berg
De Pauperfontein is ûntstien as protest tsjin de manier wêrop't de alve Kulturele Haadstêdfonteinen ta stân kaam binne: sûnder ynspraak fan de mienskip.
Neffens de betinkers sprekt de protestaksje minsken bot oan, de reaksjes komme sels út it bûtenlân wei. The Guardian en de New York Times skreaunen der al oer.
Minsken fine ek dat de Pauperfontein in fêst plak krije moat. Bûtendoar is gjin opsje, omdat er net oer waar en wyn kin. En it kostet ek te folle jild.
Dêrom wolle de betinkers de Pauperfontein oanbiede oan it Fries Museum. "Zodat het ultieme 'mienskipsproject' van LF2018 opgenomen kan worden in de collectie van het museum en een plek in de hal krijgt. Wij willen daar graag over meedenken", sa't se sels skriuwe.