Iepenbiere en kristlike skoalkoepels yn Smellingerlân fusearje

01 okt 2018 - 15:04

De iepenbiere en kristlike basisskoalle-organisaasjes yn Smellingerlân fusearje mei yngong fan 1 jannewaris. Beide skoalorganisaasjes geane op yn in holding. De bestjoeren fan OPO Furore en PCBO Smellingerlân bliuwe dêryn as selsstannige stichtingen bestean.

skoalleboerd - Foto: Shutterstock.com

Oanlieding foar de fúzje is de krimp yn it wurkgebiet fan de skoallen. Der komme minder bern, de skoallen wurde lytser en dêrtroch is der ek minder jild. Fierdere gearwurking tusken de twa skoalkoepels hat sawol finansjeel as ynhâldlik foardielen, sizze Furore en it PCBO.

Foar de bern, de âlden en it personiel feroaret der troch de fúzje net folle. De kristlike skoallen bliuwe kristlik en de iepenbiere skoallen iepenbier. Der komt wol ien serviceburo, ien kolleezje fan bestjoer en ien ried fan tafersjoch.

(advertinsje)