Selstraf foar twa Roemenen nei winkelstellerijen yn Ljouwert

Twa Roemeenske winkeldieven ha trije wike sel krigen fanwege stellerijen by trije winkels oan it Vliet yn Ljouwert. Nei de stellerij by de tredde winkel waarden oare filialen fan dy keten op de hichte brocht.
Oan de hân fan in sinjalemint koene de twa oanhâlden wurde by in filiaal op it Cambuurplein. It guod dat se stellen hiene lei yn har auto.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De twa fertsjinnen har jild mei it ferkeapjen fan de dakleazekrante. Omdat dat te min opbrocht, stiene se op it punt om werom te gean nei Roemenië. De rjochter tinkt dat se op de falreep betocht hiene dat se noch wat guod meinimme woene nei hûs.