Holland Casino hâldt op as sponsor fan bobsliders

01 okt 2018 - 14:17

In tsjinfaller foar de Nederlânske bobslydploech, mei dêryn Dennis Veenker fan Damwâld. Sponsor Holland Casino like de gearwurking mei de bobsliders te ferlingen, mar de ûnderhannelings binne dochs op neat útrûn.

Nederlânske bobslee yn aksje op de Olympyske Spelen - Foto: Henk Jan Dijks

It wie de bedoeling dat de bobsliders oer in pear wike nei Noard-Amearika gean soene om dêr te trainen, mar dat giet no net mear troch. De iennige bobslydbaan yn Nederlân stie yn Harderwijk, mar is sloopt. As de bobsliders op in baan traine wolle, moatte se dus útwike nei it bûtenlân.

Hoe't it no fierder komt, is ûnwis. It is wol de bedoeling dat it Nederlânske team meidwaan sil oan de wrâldbekerwedstriden. De earste dêrfan stiet pland foar begjin desimber yn Letlân.

Wy lizze mei ús fiven op luchtbedsjes.

Dennis Veenker

Teloarstelling

Dennis Veenker fan Damwâld is bot teloarsteld dat dizze sponsordeal no net trochgiet. "Wy krije teloarstelling op teloarstelling. Dus ik sit der wol wat trochhinne."

Twa wiken lyn siet Veenker oan tafel by Fryslân Hjoed om te praten oer de sponsoring fan it bobslydzjen. Hy fertelde ek wat it betsjut as der gjin sponsor is. "Wy lizze dan mei syn fiven op in trijepersoanskeamer op luchtbedsjes, we moatte sels boadskippen dwaan en iten meitsje. Dat is net ideaal."

Holland Casino lit fia wurdfierder Jan Willem van Hofwegen witte dat it bedriuw noch net wit wat se dwaan sille kwa sponsorjen. "Wij zijn ons als Holland Casino aan het oriënteren aan welke domeinen wij onze naam willen verbinden. In dit kader kwam het voor ons te vroeg om een vierjarig commitment aan te gaan met het bobsleeteam. Daarnaast willen wij het team ook de ruimte geven om andere sponsors te vinden."

(advertinsje)
(advertinsje)