Judokampioen Natascha Ausma: "It mocht ek wolris in kear"

01 okt 2018 - 13:48

Judoka Natascha Ausma fan Lippenhuzen is it ôfrûne wykein Nederlâns kampioene wurden yn de klasse oant 70 kilo. De 22-jierrige studinte medisinen hie by de senioaren wol faker op it poadium stien mei sulver en brûns, mar it goud slagge oant dit wykein net.

Foto: Omrop Fryslân

By de junioaren hie Ausma wolris de Nederlânske titel helle. Se is tige wiis mei it beheljen fan it goud. "It mocht ek wolris in kear." De finale wie net samar klear, se skoarde pas yn de lêste sekonde fan de wedstriid. "Myn âlde trainer wie der ek as coach, dat wie ekstra spesjaal."

Nei de teloarstelling dat se net meidwaan koe oan it WK wie dit in moaie goedmakker. Se hopet takom jier wol op it wrâldkampioenskip te wêzen. "Ik soargje derfoar dat se net om my hinne kinne."

Roelof de Vries praat mei Natascha Ausma

(advertinsje)
(advertinsje)