Fryske aksje om minsken yn troffen gebiet Sulawesi te helpen

01 okt 2018 - 12:32

It Yndonezyske eilân Sulawesi is troffen troch in ierdbeving en in tsunami. Om de minsken dêr te helpen binne der ferskate aksjes yn Ljouwert.

Op de al plande benefytmiddei Super Kumpulan op snein 7 oktober yn Zalen Schaaf wurdt jild ophelle foar kânsearme jongeren op it eilân troch de Ljouwerter stiftings Amurang en Awas Kaki. Amurang is yn 2004 oprjochte troch de Ljouwerter Ritsko van Vliet. Awas Kaki hat in fuotbalskoalle foar kânsearme bern op Java.

De benefytmiddei is de ôfsluting fan de Yndyske wike fan Lân fan taal. Benefytmiddei en Yndyske wike wiene fansels al folle langer pland, mar krije troch de tsunami in hiel oare lading.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Ritsko van Vliet fan Stichting Amurang

Yn talepaviljoen MeM stiet in pot op de taap foar jeften. Op de benefyt wurdt ekstra kollektearre foar de minsken yn de troffen gebieten. Van Vliet ferwachtet dat dêr 500 minsken komme. "Met deze week erbij rekenen we op een mooie gift."

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Ritsko van Vliet hat al jierren bannen mei Sulawesi. "Mijn moeder is daar geboren. Gelukkig zijn de gebouwen van onze stichting niet fysiek getroffen, maar we zijn wel emotioneel geraakt. We zitten op afstand, maar met ons hart zijn we er heel dichtbij. Pastor Jacob wist een tijd niet hoe het met zijn familie was gesteld. Dat grijpt je wel aan. Gelukkig weet hij nu dat zijn familie veilig is."

Yndyske Friezen oer de natuerramp op Sulawesi

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Op 9 oktober reizget Van Vliet mei in groep studinten fan it Friesland College om edukaasjeprojekten op te starten. Dat is yn it noarden fan Sulawesi, dus hy giet net nei it rampgebiet om de helpferlieners net foar de fuotten te rinnen.

Op Lân fan taal is te sjen wat it programma is fan de Yndyske wike.

(advertinsje)
(advertinsje)