Wike fan de Falprevinsje fan start

01 okt 2018 - 12:14

Yn Nederlân belânet alle fiif minuten in 65-plusser op de spoedeaskjende help nei't er fallen is. Om sokke ûngelokken foar te kommen, is de 'wike fan de falprevinsje' betocht. Dy wike is moandei úteinset. By Fysio Eijzinga yn Tsjummearum iepene wethâlder Baukje Tol de wike.

Wethâlder Baukje Tol iepenet 'week van de valpreventie' yn Tsjummearum - Foto: Omrop Fryslân, Geert van Tuinen

Yn Tsjummearum waard de âlderein foarljochte oer tal fan saken dy't se dwaan kinne om fallen foar te kommen. Se krigen praktyske tips, lykas genôch ljocht by de trep, bûgels yn de dûs en gjin snoeren dy't oer de flier rinne.

Njonken de tips waard der ek in nij spultsje yntrodusearre mei de namme "Dobbelfit". Dit spultsje lit âlderein op boartlike wize sjen dat sy sels in soad dingen dwaan kinne om fallen foar te kommen. Sy leare oer bewegen, it gebrûk fan medisinen, iten en fitamine D. Boppedat wurdt der aktyf wurke oan balâns en spierkrêft by de âlderein.

Geert van Tuinen gong op 'en paad

Yn 2016 hawwe goed 96.000 minsken by de earste help yn it sikehûs west nei't se thús fallen wiene. Goed 82% fan dy minsken wie 65 jier of âlder.

(advertinsje)
(advertinsje)