Harnzers kinne mei nije technyk langer thús wenjen bliuwe

De technologyske ûntwikkelingen geane hurd. Tagelyk wolle minsken langer thús wenjen bliuwe. De technyk kin dêrby helpe, bygelyks mei medyske help op ôfstân of it befeiligjen en ferwaarmjen fan it hûs regelje fia de smartphone.
Smartphone © Shutterstock.com
Technyske helpmiddels binne it tema fan de byienkomst dy't de gemeente Harns op 13 oktober hâldt. De gemeente sil mei ûnder oare plysje, brânwacht, de bouferiening en it Hulpmiddelen Centrum Fryslân ynformaasje jaan oer hoe't it wengeniet ferbettere wurde kin en hokker oanpassingen nedich binne om langer selsstannich wenjen te bliuwen.
De ynstânsjes jouwe net allinnich ynformaasje, mar sille ek lústerje nei it ferlet fan de ynwenners. Sa kin it wêze dat amtners yn de takomst net allinnich achter in baly sitte, mar ek by âldere minsken thús delkomme.
De ynformaasjebyienkomst past binnen it stribjen fan de gemeente Harns om op dit mêd foarop te rinnen.