Noed oer útstjerren fan rottekop yn De Lege Midden

01 okt 2018 - 11:35

De rottekop (of Noordse Woelmuis) is oer tsien jier net mear yn De Lege Midden te finen as der neat feroaret. Dat seit saakkundige Nico Beemster fan ekologysk advysburo Altenburg & Wymenga.

Beemster hat krekt in rapport oer it lytse sûchbistje skreaun foar de provinsje. De rottekop kin as soart allinnich oerlibje yn gebieten dêr't oare mûzesoarten net libje kinne trochdat it lân geregeld ûnderstrûpt, want de rottekop kin hiel goed oer wetter.

Konkurrinsje

Bliuwt dat wetter út, dan wurdt de konkurrinsje fan oare mûzen te grut. En dat is no al jierren it gefal yn De Lege Midden. Allinnich oan de Iselmarkust by Makkum giet it noch goed mei de soart, omdat dêr grutte peilferskillen binne.

Lauwersmargebiet

Ien opsje dy't Beemster sjocht, is om it bistje út te setten yn it Lauwersmargebiet. Dat is wol geskikt en dêr binne de mûzen no net. Om de gebieten yn De Lege Midden geskikt te meitsjen, moat der grutskalich yngrepen wurde. "Dan hebben we het over honderden hectares."

It lân by de Snitser Mar is net mear geskikt foar de rottekop - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Nico Beemster fan ekologysk advysburo Altenburg&Wymenga

(advertinsje)
(advertinsje)