Skoalbern krije in fyts-APK foar de winter

01 okt 2018 - 11:09

De winter komt der oan, de dagen wurde koarter en dus wurdt goed ljocht op de fyts wichtiger. Benammen foar skoalbern dy't alle dagen moarns betiid yn it tsjuster op 'e fyts nei skoalle moatte. Dêrom is it moandei de Fryske fyts-APK dei.

In de tweede klas is de toestand van een aantal fietsen om te huilen.

In Fryske fytsekontoleur

Nije skoalle, nije fyts

De offisjele ôftraap fan de fyts-APK dei wie moandeitemoarn by it VerkeersEducatieCentrum yn Drachten. Brêgeklassers fan it CSG Liudger kamen dêr om harren fytsen neisjen te litten. Oer it algemien wiene de fytsen fan de earstejiers goed op oarder.

In soad bern krije as se nei it fuortset ûnderwiis gean in nije fyts. De jierren dêrnei wurdt it neffens de kontroleurs hurd minder. "In de tweede klas is de toestand van een aantal fietsen om te huilen."

De fytsen waarden neisjoen troch frijwilligers en de bern sels. De learlingen moasten fan elkoar de fytsen besjen op mankeminten. Meastentiids koe dat op it plak sels opknapt wurde. Benammen nei ljocht, remmen en de fytsbelle waard sjoen.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Fytse mei drugs op

Njonken de fyts-APK krigen de bern les yn feiligens. Sa mochten se sels plaknimme efter it stjoer yn in simulator, dêr't se sabeare mei autoride koene yn it tsjuster. Sa ûnderfûnen se hoe't in bestjoerder in fytser sûnder ljocht hast altyd te let sjocht.

Ek koene de learlingen simulearre fytse mei drugs of alkohol op.

Simone Scheffer docht de fytskeuring

Mekoars fytsen wurde besjoen - Foto: Simone Scheffer omrop fryslan

Yn totaal wurde yn Fryslân 6.000 fytsen op 55 skoallen kontrolearre.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Trefwurden: 
ferkear fyts APK keuring feiligens
(advertinsje)