Stedskuier fan A Guide to Leeuwarden lûkt 20.000ste besiker

01 okt 2018 - 10:55

Gidsen fan A Guide to Leeuwarden hienen sneon de 20.000ste besiker dit jier. De lokkigen wienen Ellen en Cees Hoefnagels (beide 65 jier) út Tilburg. It pear mocht in boerd ûntbleatsje mei dat sy de 20.000ste besiker wienen.

Foto: Marc de Fotograaf

It pear hie noch net earder yn Ljouwert west, mar seit dat se stêd goed kennen leard ha troch gids Henk. "Voor ons een stad om iedereen aan te bevelen en om zeker nog eens een keer terug te komen. En als je dan de 20.000ste klant bent van de Free Tour is het een onvergetelijk weekend geweest."

Kulturele Haadstêd

Yn 2017 krigen goed 5.000 minsken in rûnlieding en dat is yn it jier fan Kulturele Haadstêd al fjouwer kear safolle. "De mensen blijven komen" seit gids Christina Völker. "Vaak horen we van mensen, dat het nu wel rustiger zal zijn, maar afgelopen zaterdag hebben we 27 tours gedaan op één dag! In de zomervakantie kwamen de mensen wat meer verspreid door de hele week, nu is het vooral in het weekend veel drukker."

Rekôrs

A Guide to Leeuwarden biedt al fiif jier stedskuiers oan. It idee waard betocht troch Henk Leutscher, dy't mar wat grutsk is. "Records worden dit jaar overal gebroken in Leeuwarden. Maar wij doen dit met een team van slechts 10 professionele gidsen, dat maakt het denk ik extra bijzonder. Ik ben dan ook heel erg trots op mijn team van gidsen." Der binne ferskillende soarten toers, ek yn oare talen. Achternei kinne besikers har gids betelje wat se de fergeze toer wurdich fûnen.

De gidsen fernimme dat der dit jier in soad Dútske toeristen komme. "Op onze openbare Duitse tours komen regelmatig meer dan 60 mensen. En we hebben bijna elke dag wel een Duitstalige privéwandeling" fertelt gids Charlotte Kraft.

(advertinsje)
(advertinsje)