Twadde edysje keunstbeurs Museum Belvédère grut sukses

De twadde edysje fan de keunstbeurs Art Noord yn Museum Belvédère yn Oranjewâld wie it ôfrûne wykein sa'n sukses, dat de organisaasje no al taseit dat der in ferfolch komt. Mear as 2500 keunstleafhawwers kamen dit wykein nei de twadde edysje fan de beurs. Dat wiene der krekt wat mear as in jier lyn.
© John Stoel
De besikers kamen út it hiele lân en sels út it bûtenlân. Sa kocht in Japanske samler in wurk fan keunstner Auk Russchen. Hoewol't it museum gjin sifers bekend meitsje kin, is der goed ferkocht. Neist it besjen en keapjen fan keunst wiene der ek kursussen en fraachpetearen mei galeryhâlders.