Fryske boerinnen dogge it goed op kalinder

01 okt 2018 - 10:25

Fryslân is hofleveransier foar de boerinnekalinder fan 2019. Mar leafst fiif Fryske froulju binne op de nije kalinder te bewûnderjen. Dit kear is der foar it earst ek in boerekalinder mei foto's fan manlju. Dêr fertsjinwurdiget de 38-jierrige Hans Kroodsma fan Jannum ús provinsje.

Foto: Boerinnenkalender

Fan de tolve froulju dy't foar de achtste edysje fan de kalinder op 'e foto setten binne, komme der fiif út Fryslân. It giet om Frederique Kleefstra fan Aldskoat, Janna de Boer fan Stiens, Marissa Visser fan Langwar, Nadieh Bruinsma fan Surhústerfean en Aurelia Miedema fan Nes.

Foto: Boerenkalender

We laten zien dat we trots zijn op de agrarische sector.

Inisjatyfnimmer Stef Bloo

Agrarysk rolmodel

De inisjatyfnimmers wolle mei de kalinders in oade bringe oan de boeren. "Wereldwijd wordt Nederland gezien als agrarisch rolmodel, maar in Nederland moeten boeren het in de media en politiek mijns inziens te vaak ontgelden", seit inisjatyfnimmer Stef Bloo. "We zijn ons er echt wel van bewust dat we met sexy kalenders het verschil niet gaan maken, maar we laten op onze manier zien trots te zijn op de agrarische sector."

De kalinders wurde dizze wike presintearre yn Bathmen.

(advertinsje)
(advertinsje)