Piet Boelens docht mei oan Maraton fan Chicago

01 okt 2018 - 10:12

Maratonrinner Piet Boelens út Kollumersweach stiet snein 7 oktober oan de start by de maraton yn Chicago. Dêrmei sammelet de 66-jierrige Boelens jild yn foar KiKa.

Foto: Piet Boelens

Earder die Boelens al mei oan de maraton fan New York, Londen, Tokyo, Boston en Berlyn. As er snein oer de einstreek komt mei er himsels offisjeel in 'Six Star Finisher' neame. "Dan krij ik in spesjale plakette wêrop't alle seis maratons stean. Dêr kin ik dan grutsk op wêze. Ik bin net sasear in medaljeman, mar dizze maratons bliuwe wol echt op it netflues stean, ek foar it spesjale doel."

Piet Boelens

It wurdt yn totaal de 34ste maraton sûnt Boelens yn 2007 begûn mei hurdrinnen. Al sân kear rûn er foar it goeie doel en is er Ambassadeur fan Run for KiKa Marathon. "Yn 2011 kaam KiKa op myn wei. Alle trije dagen giet yn Nederlân in bern dea oan bernekanker. Dêrtsjin wol ik my ynsette. Sûnt 2011 ha ik 80.000 euro ophelle, mar it giet derom dat we mei-inoar yn binnen- en bûtenlân alle jierren miljoenen euro's ophelje, foar de bêste behanneling foar bernekanker."

42 en 195

De maraton fan Chicago wurdt om meardere redenen spesjaal foar Boelens. In maraton is 42 kilometer en 195 meter. "Op 26 maart wienen Irene en ik 42 jier troud. Doe bin ik ûnder de dûs oan it tellen slein. Sa bin ik derachter kaam dat we op de dei fan de Chicago-maraton presys 42 jier en 195 dagen troud binne."

Tarieding

"Ik ha snein noch even in traininkje dien en tiisdeitemoarn doch ik ek noch even trije kertier. Dan woansdei nei Amsterdam en tongersdeitemoarn flean ik nei Chicago ta. Dan giet it snein los."

Wa't Piet Boelens sponsorje wol en dêrmei dus ek KiKa stypje, kin dat dwaan op de webside Run for KiKa Marathon.

(advertinsje)