Fryske bern mei sosjale efterstân krije bûtenboarterspakket

21 sep 2018 - 09:10

Bern yn Fryslân mei in sosjale efterstân krije fan ein dizze moanne ôf in jier lang in bûtenboarterspakket. Mei elkoar giet it om goed 700 bern dy't foar sa'n pakket yn oanmerking komme. It is in inisjatyf fan Sport Fryslân en de 17 voedselbanken yn de provinsje.

Foto: Shutterstock.com

It projekt is unyk yn Nederlân. It bûtenboarterspakket is foar bern fan 4 oantenmei 14 jier en bestiet út tolve ferskate boartersattribúten. Eltse moanne krije de gesinnen in nij spultsje. It is de bedoeling dat de bern it guod brûke om mei oare bern yn de buert bûten te boartsjen. It is de bedoeling om de bûtenboarterspakketten tagelyk mei de itenspakketten út te dielen.

Trefwurden: 
Sport Fryslân Voedselbank
(advertinsje)
(advertinsje)