Ynternasjonale lânboutop yn Easterwâlde oer biologyske lânbou

21 sep 2018 - 08:52

Yn Easterwâlde wurdt der op 12 oktober in ynternasjonale konferinsje oer biologyske lânbou holden. Ferskate sprekkers litte dan sjen hoe't in duorsum itenssysteem der yn de takomst útsjen kin. Ek de dagen dêromhinne is der yn Easterwâlde fan alles te dwaan oer duorsumens.

Soil Food Week - Foto: Soil Food Week

Op 10 oktober is de Dag van de Duurzaamheid. Fan dy dei ôf bûgje saakkundigen fan oer de hiele wrâld har oer it belang fan in sûne boaiem. It inisjatyf hat de namme Soil Food Week krigen.

Studinten hawwe spesjaal foar dizze wike in plestik hynder makke, bedoeld om omtinken te freegjen foar de plestik sop. It hynder fart troch de Ljouwerter grêften. Op 13 oktober wurdt it evenemint ôfsletten yn De Lawei yn Drachten mei in festival oer sûnens. It is de bedoeling de Soil Food Week faker te hâlden, ien kear yn de twa jier.

(advertinsje)