Man stelt swaailampe fan plysjeauto: 500 euro boete
In 22-jierrige man út Kuinre is sneintemoarn oanhâlden nei't er by it Flaeijelfeest yn Nijhoarne de blauwe swaailampe fan in plysjeauto stellen hie. De plysjeauto stie parkeard by de yngong fan it eveneminteterrrein.
De man makke it de plysje maklik om him oan te hâlden, want de plysjeauto stie foar in befeiligingskamera en de man wie dúdlik te sjen. Nei syn oanhâlding is er nei it plysjeburo brocht. Hy krige dêr in boete fan 500 euro.