Nynke Sietsma sil flechtlingen helpe op Lesbos

01 okt 2018 - 07:50

Nynke Sietsma fan Tsjerkwert sil nei it Grykske eilân Lesbos om dêr te helpen yn in flechtlingekamp. Op Facebook is sy in aksje begong om jild yn te sammeljen foar de flechtlingen. "De 'tikkies' mei jild komme no al binnen, fantastysk!"

Foto: Omrop Fryslân

Nei't se har plannen foar de reis nei Lesbos oankundige op social media rint it stoarm mei minsken dy't Nynke finansjeel stypje om de flechtlingen te helpen. "Yntusken binne der al 60 minsken dy't jild oermakke ha. Fantastysk!" Mar der kin fansels altyd mear by, fertelt se. "Mei it jild keapje wy iten, sadat de froulju en de bern yn it kamp alle dagen in moarnsbrochje krije."

Nachten net slept

It plan foar de reis om nei Lesbos te gean, kaam doe't Nynke yn septimber 2015 de foto fan it deade jonkje seach, dat oanspield wie op it strân fan Lesbos. "Krekt as in hiel soad oare minsken koe ik der net fan sliepe. Ik ha der nachten wekker fan lein. Sa ûntstie it plan om sels wat te dwaan. Mar al rap waard ik mem en oardel jier letter kaam ús twadde berntsje."

Se wenje yn fan dy tintsjes dy't ik as puber mei hie nei Skylge op fakânsje.

Nynke Sietsma

Doe't se dizze simmer mei de hiele famylje op fakânsje wiene op Sicilië, waard Nynke op 'e nij konfrontearre mei de flechtlingestream. "Dat wie foar my it momint dat ik tocht: en no meld ik my oan."

Mei fiif oare froulju sil se nei it Grykske eilân om te helpen. "Wat ik ferwachtsje kin? Ik ha eins gjin idee. Ik ha wol sjoen dat se dêr yn fan dy plestik tintsjes sliepe, dy't ik as puber mei hie op fakânsje nei Skylge. Net te leauwen. Ik bin benijd hoe't ik nei de wrâld sjoch as ik wer thús bin."

Fan 28 oktober ôf is Nynke acht dagen fan hûs foar dizze aksje,

Nynke Sietsma sil nei Lesbos

(advertinsje)