Kollum: "Wês de wiiste"

01 okt 2018 - 07:32

"'Wês do dan de wiiste.' Dat sei ús mem altyd doe't ik noch lyts wie en spul hie mei myn broer. Dêrmei bedoelde se dat ik him gewoan negearje moast as er my pleage. It wie eins in komplimint fansels, dat se my as wiiste ynskatte. Mar bliksem, wat wie dat dreech om dy stil te hâlden as ien dy narret.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Ik moast der oan tinke doe't ik it stik lies oer de Agraryske Skou ferline wike op De Jouwer. Dit is in grutte fakbeurs foar boeren. It tema dit jier wie 'Kom laten we de burger eens lekker de schuld geven' en gong oer de relaasje tusken boargers en boeren. Ien fan de sprekkers wie Jan Cees Vogelaar, foarsitter fan de stichting Mesdag Zuivelfonds. Neffens him litte boeren har te maklik yn it ferdomhoekje driuwe en nimme se mar wat graach de rol fan pispealtsje oan. "U maakt zelf uit of u terugmept of pispaal blijft", fûn er. Mar ik wit net oft it wol sa swart wyt is.

Ik skriuw hast alle dagen wol in tekst. Dy stjoer ik meastentiids op nei de klant, dy't der wat fan fynt. Ik krij geregeld opmerkings op myn skriuwwurk. Somtiden bin ik it der mei iens, somtiden net. Yn dat lêste gefal mail ik in koarte reaksje werom, mei dêryn myn útlis wêrom't ik it sa opskreaun ha. Yntusken bin ik der oan wend om altyd in krityske folger te hawwen, nammentlik myn klant. Mar ik moat der net oan tinke dat by alles wat ik doch ien my op de fingers sjocht. Of slimmer noch: dat der kontinu ien is dy't kommentaar hat.

Sa is dat by boeren wol. Elkenien hat sa stadichoan wol in miening oer boeren. En dat is prima, mar in miening is tsjintwurdich net mear genôch. Boeren moatte nammentlik ek lústerje nei al dy mienings. 'Dit moat oars, dat moat oars' en faaks is it by eintsjebeslút allegear de skuld fan de boer. En net allinnich minsken dy't der ferstân fan ha, litte harren hearre. Foaral ek minsken dy't der net sa folle ferstân fan ha. En de boer? Dy hâldt 'm wyslik stil.

De boeren dy't ik ken, helje skodholjend de skouders op as der wer ûnsin roppen wurdt. Dy litte al dat kommentaar sa by de overal delglydzje. Want hoe moatst as boer al dy roppers en razers in wjerwurd jaan? Wêr hellest de tiid wei om alle kearen wer in ynstjoerd stik te skriuwen om dyn kant fan it ferhaal út te lizzen? Dy tiid is der net. En wichtiger noch: de measte boeren binne gjin skriuwers. Dus hoe krijst soks op papier? Net. Dus lit mar sitte. Sa giet it meastentiids.

Oant twa wike lyn. Doe wie ik by twa boeren dy't ék skjin harren nocht hiene fan al dat kommentaar en my fregen om harren kant fan it ferhaal op te skriuwen. "Alles moat duorsum en biologysk", fertelden se. "Dêr hat elkenien de mûle fol fan. Mar skuor by de hurdste roppers en razers de kuolkast ris iepen en sjoch wat der yn stiet. Grutte kâns dat it molke foar twa kwartsjes is, yn stee fan de djoerdere greidemolke."

Al mei al ha ik der twa oeren west om harren ferhaal oan te hearren. It slagge my úteinlik om it werom te bringen oant ien kantsje. Dizze beide boeren litte sjen dat se har net op 'e kop skite litte. Dat se wjerwurd jouwe. "Wat no as minsken der neat mei dogge", frege ik. Beide manlju hellen de skouders op. "Wy ha ús bêst dien. Mear kinst net dwaan."

En se ha gelyk. Soms moat it boereferstân it winne fan de roppers en de razers. En doe hearde ik ús mem der yn gedachten efteroan sizzen: "Wês do dan de wiiste."

(advertinsje)