Moanne fan de skiednis: "De kinderen van Versteeg moeten onder de wol"

"De kinderen van Versteeg moeten allemaal onder de wol." Mei dat koadeberjocht op Radio Oranje begûn yn septimber 1944 de spoarweistaking. It stillizzen fan it treinferkear moast der foar soargje dat de Dútske besetter earder ferjage wurde soe. Dy oprop stiet dizze moanne sintraal by in spesjale útstalling yn it Modelspoormuseum yn Snits. De útstalling makket diel út fan de lanlike Moanne fan de skiednis.
Moanne fan de skiednis yn it spoormuseum

Opstân

Under it sintrale tema 'Opstân' wurdt op ferskate plakken yn Fryslân stilstien by in foarm fan ferset út it ferline. Sa binne der ûnder oaren spesjale aktiviteiten by Tresoar, de Kijkzaal yn Wolvegea en de Blokhúspoarte yn Ljouwert.
Yn de âlde finzenis komt Stephan Kraan oan it wurd. Hy siet 12 moannen fêst yn de Blokhúspoarte yn 1981 om't er wegere yn militêre tsjinst te gean. Yn it Kollumer Museum is in útstalling te sjen oer de Kollumer Oproer fan 1797, doe't de Kollumers yn opstân kamen tsjin de Jakobinen.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Wytse Vellinga oer de moanne fan de skiednis