Hûnderten besikers by Aldehou foar Lûd fan de Middelsee

30 sep 2018 - 21:49

Santjin gearwurkjende muzykferieningen ha snein it Under de Toer-projekt Lûd fan de Middelsee spile. Dat binne lokaasjekonserten dy't begûnen yn it gebiet fan de âlde Middelsee. De grande finale fan it evenemint wie sneintejûn ûnder de Aldehou. Dêr spilen de muzykferieningen mei-inoar en troch elkoar, rûnen de muzikanten troch it publyk troch en joech akteur Fabian Jansen in stim oan de Aldehou.

It projekt bestiet út sân konserten op ferskillende lokaasjes, dy't allegear op snein wienen. It publyk koe de lokaasjes op de fyts by del: Hijum, Feinsum, Stiens, Britsum, Koarnjum, Jelsum en de finale dus yn Ljouwert. Op dy lêste lokaasje wienen hûnderten minsken.

Ferslachjouwer Jeroen Boersma spruts mei it publyk by de Aldehou

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

De konserten fertelden mei-inoar in ferhaal. Bouke Oldenhof hat it skreaun en de regy wie fan Tamara Schoppert. It Lûd fan de Middelsee klonk allinnich op 30 septimber.

De santjin muzykferieningen besteane út fanfaren, brassbands, harmonyen en sels de doedelsekklup Graham Lowlanders Pipes and Drums.

(advertinsje)