Nyck de Vries fjirde yn sprintrace Sotsji

30 sep 2018 - 21:41

Formule 2-koereur Nyck de Vries út Twellingea is snein fjirde wurden yn de sprintrace yn Sotsji. Nei it tredde plak yn de haadrace fan sneon kin De Vries weromsjen op in goed racewykein.

Op it Russyske sirkwy gie De Vries as sechsde fan start. Nei in gaoatyske start bleau De Vries kalm en koe er him opwurkje nei it fyfde plak. Mei de sterke Rus Artem Markelov wie it in spannende striid om it fjirde plak. Markelov koe de earste oanfallen fan De Vries noch parearje, mar úteinlik wie de Fries dochs te rap.

Nyck de Vries is mei it sterke wykein klommen nei it fjirde plak yn it klassemint fan de Formule 2. Hy kin noch omheech sjen, want it ferskil mei de nûmer trije, Lando Norris, is trettjin punten. Dat is ek oan Norris sels te tankjen, want hy moast yn Sotsji twa kear opjaan en pakte dus gjin punten.

Noch ien racewykein

It racewykein yn Sotsji wie it op ien nei lêste fan dit seizoen yn de Formule 2. Ein novimber race de koereurs noch op it Yas Marina-sirkwy yn Abû Daby, de haadstêd fan de Feriene Arabyske Emiraten.

Trefwurden: 
Formule 2 Nyck de Vries
(advertinsje)