Fryske brieveskriuwers yn Boer zoekt Vrouw net troch

De Fryske Boer zoekt Vrouw-skriuwers lizze derút. Janke Trientsje en Irena giene beide op in 'deidate' mei boer Wim út Flevolân, mar se meie net útfanhûs nei de pleats. Ek Sietze, dy't by de deidates fan boerin Michelle út Noard-Brabân siet, giet net troch.
Presintatrise Yvon Jaspers © ANP
Twa wike ferlyn rekke boer Remco Aalbers út De Fochtel al út it programma. Hy soe yn it foarjier op eigen houtsje al in frou fûn hawwe, en har frege hawwe om in brief te stjoeren, en dat mei net fan it programma.