Molukske en Yndyske wike yn Ljouwert foar eareherstel feteranen

De Ljouwerter aktivist Leo Reawaruw hat in grutte slach slein. Hy set him al jierren yn foar earophelpen foar de Amboneeske mienskip yn Nederlân. Snein waard bekend dat der in spesjale foto-eksposysje fan Amboneeske feteranen yn it Europarlemintsgebou yn Straatsburg komt. De bekendmakking dêrfan wie by de iepening fan de Molukske en Yndyske wike yn Ljouwert.
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
PVV-Europarlemintariër Marcel de Graaff socht in skoftke lyn kontakt mei Reawaruw, wêrnei't se mei it idee foar de eksposysje kamen. Mei de eksposysje wolle se ynternasjonale erkenning fan it lot fan de Ambonezen en harren famyljes, dy't nei de ûnôfhinklikheid fan Yndonezië nei Nederlân kamen. De stichting Maluku4Maluku wol njonken erkenning ek in feteranestatus foar âld-KNIL-militêren en in finansjele fergoeding.
De eksposysje hjit 'Onze vergeten helden'. Fotograaf Edwin Hunter hat dêrfoar in portret makke fan 15 Amboneeske KNIL-militêren, dy't foar it Nederlânske leger fochten hawwe.
De foto's binne fan 22 oant en mei 25 oktober te sjen yn it Europeesk Parlemint.
© Edwin Hunter
Europarlemintariër Marcel de Graaff en Leo Reawaruw