Autobrân op A31 by Dronryp, dyk tydlik ôfsletten

30 sep 2018 - 18:44

Op de A31 by Dronryp hat koarte tiid in auto yn de brân stien. De dyk hat tydlik ôfsletten west, sadat de brânwacht de auto dwêste koe.

Foto: Srfotografie

It ferkear fan Harns yn de rjochting fan Ljouwert stie ek even hielendal stil. Yntusken kinne de auto's oer ien rydstripe wer om de auto hinne.

De oarsaak fan de autobrân is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
autobrân Dronryp A31
(advertinsje)