Pieter Weening 69e op WK hurdfytsen, mar dochs op it poadium

30 sep 2018 - 18:09

Pieter Weening fan De Harkema hat yn Innsbruck syn sechsde WK hurdfytsen ôfsletten op it 69e plak. Hy mocht nei ôfrin dochs it poadium op: Nederlân wie it beste lanneteam op it WK mei yn totaal trije kear goud, alle kearen by de froulju. Snein by de manlju einigen fiif Nederlanners by de bêste tritich. Bêste Nederlanner wie Tom Dumoulin: hy einige krekt bûten de medaljes op it fjirde plak.

Pieter Weening stiet links, njonken bûnscoach Thorwald Veneberg - Foto: NOS

De 37-jierrige Weening die syn wurk oant djip yn de finale en liet him ek sjen foaryn it peloton. Mei noch 25 kilometer ta de finish siet syn wurk derop en liet er him weromsakje.

Alejandro Valverde pakte de wrâldtitel. De 38-jierrige Spanjaard bleau nei in swiere finale oer yn in kopgroep mei Dumoulin, Romain Bardet en Michael Woods. Valverde wie yn de einsprint de rapste.

Trefwurden: 
hurdfytsen Pieter Weening
(advertinsje)