Judoka Natascha Ausma wint goud op Nederlânsk kampioenskip
Judoka Natascha Ausma fan Lippenhuzen hat yn Almere de nasjonale titel pakt yn de klasse oant 70 kilo. Nei trije sulveren medaljes en ien brûnzen wie it snein foar it earst raak foar de 22-jierrige Friezinne.
Yn de finale wûn Ausma fan Evelien Berndsen út Rijswijk.