Rûnom muzyk yn Fryslân mei Lûd fan de Middelsee en Helden fan Hjir
Muzyk stiet rûnom sintraal op dizze snein. Ferskate eveneminten mei muzyk as tema wurde organisearre op tal fan Fryske poadia.
Lûd fan de Middelsee
By Lûd fan de Middelsee, in inisjatyf fan Samenwerkende Muziekverenigingen Leeuwarden, wurkje 17 muzykferieningen gear. Dit Under de Toer-projekt, ûnderdiel fan Leeuwarden-Fryslân 2018, bestiet út bysûndere lokaasjekonserten yn it gebiet fan de âlde Middelsee.
Dy binne middeis yn Hijum, Feinsum, Stiens, Britsum, Koarnjum, en Jelsum. Ynspirearre troch de eleminten fjoer, wetter, loft en ierde en it plak fertelle se har ferhaal. Publyk kin by de lokaasjes delfytse.
It slotspektakel Lûd fan de Middelsee is sneintejûn yn Ljouwert by de Aldehou. Mear as 500 muzikanten sammelje har dêr. De Ljouwerter komponist Geert Jan Kroon hat spesjaal de komposysje 'Sound of the Middlesea' skreaun.
Helden fan Hjir
Bands, singer-songwriters, rappers, korpsen, dj's, koaren en muzykferieningen kinne meidwaan oan Helden fan Hjir om sjen te litten wat Fryslân as iepen mienskip allegear oan muzyk te bieden hat.
By Helden fan Hjir spylje artysten yn har eigen doarp of stêd. Under oare yn Snits, Drachten en Ljouwert is op ferskate plakken muzyk, mar ek yn doarpen as Bûtenpost, Goaiïngea en Weidum.
Frysk Lieteboek
En foar wa't Frysk sjonge wol: yn Ljouwert is in Frysk Lieteboek sjongmiddei. Dy is yn de Luterske tsjerke en wurdt organisearre troch YKFE (Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst), in kommisje dy't him ynset foar it brûken fan it Frysk yn de earetsjinst.
De lieten dy't songen wurde, komme út it nije Lieteboek. It begjint om 15.00 oere.