Earste nammen metalfestival Dokk'em Open Air bekend

De earste nammen foar Dokk'em Open Air 2019 binne bekend. De Amerikaanske deathmetalband Cannibal Corpse komt en ek de Nederlânske band Pestilence.
© dokkemopenair.eu
Foar in eksklusive show yn Nederlân sil it Vivaldi Metal Project op eigen wize klassike muzyk oan de man bringe. De symfoanyske metal-opera bringt in ynterpretaasje fan Vivaldi syn bekende wurk 'De Vier Jaargetijden'. En dat fiere se út mei in orkest, koar en in grutte groep all-star metalmuzikanten mei leden fan bands as Within Temptation, Savatage en Scorpions.
It metalfestival oer twa dagen is 28 en 29 juny. It festival wurdt hâlden op it terrein de Parklaan, dêr is ek de camping. De kaartferkeap is al begûn.