Wa wit mear oer de moard op 'It Ikeboerke', eksakt 22 jier lyn?

It is dizze snein eksakt 22 jier lyn dat Reinder Lulofs fan Twizelerheide omkaam by in brân yn syn eigen pleatske oan de Popels 58.
© www.politie.nl
Op 30 septimber 1996 ûntstie de brân en nei't it fjoer út wie, troffen plysjes yn de sliepkeamer op bêd it stoflik omskot oan fan de 87-jierrige bewenner Reinder Lulofs. Ut spoare-ûndersyk die bliken dat der ynbrutsen wie en dat guod miste.
Reinder Lulofs, ek wol 'It Ikeboerke' neamd, libbe sober. Hy hie gjin gas, wetter en ljocht. Nei de dea fan syn broer yn 1990 wenne er allinne op it pleatske.
It is noch altyd net dúdlik wat der krekt bard is op dy dei yn 1996. Tips kinne de neisten fan Lulofs fierder helpe om dêr in antwurd op te krijen.
It Iepenbier Ministearje looft in beleanning fan 15.000 euro út foar de tip dy't liedt ta de oplossing fan dizze saak. Minsken dy't tips ha, kinne belje mei 0800 - 6070 of maile nei coldcase@politie.nl.
Dizze saak is ien fan de saken op de 'coldcasekalinder 2018' fan de plysje. Dit jier steane trije Fryske saken op de kalinder.
Spesjale coldcaseteams rjochtsje har op net oploste misdriuwen. Op de kalinder steane tal fan saken yn Nederlân.