Druven plukke op de bêste wyngerd fan Nederlân en België

30 sep 2018 - 08:30

Begjin septimber waard De Frysling by Twizel útroppen ta de bêste wyngerd fan Nederlân en België. In prachtprestaasje foar de noardlikste wyngerd fan ús lân. De Frysling wûn by de wynkeuring fan de 'Lage Landen' trije sulveren en trije brûnzen medaljes foar de yndividuele winen, wêrûnder twa brûswinen, oftewol Fryske sjampanjes.

Wyngerd De Frysling - Eigner Douwe Broersma en in tal plukkers - Foto: Omrop Fryslân

Brûswyn

As earste Fryske wyngerd kaam De Frysling yn 2003 mei in 'mousserende' wyn. Omdat sjampanje in beskerme namme is, mochten se dat net op it etiket sette. Sadwaande kamen se mei in eigen namme: brûswyn. De druven op De Frysling rypje altyd goed ôf, mar bliuwe krekt wat soerder as de druven op súdliker wyngerds. Dêrom binne se poer geskikt om wyn mei bubbels fan te meitsjen.

Wyngerd De Frysling, Twizel - Foto: Omrop Fryslân

Meast noardlike wyngerd

Douwe en Jantiene Broersma hienen earder in transportbedriuw. Doe't dat yn 2003 oer de kop gong, woenen se wat oars. It soe noch mear as fiif jier duorje foar't de earste druvestronken de grûn yn gongen. Hjirby ha se har advisearje litten troch de Limburger wynboer Stan Beurskens. Hy stiet har noch altyd mei ried en died by. De namme fan de meast noardlike wyngerd fan ús lân, De Frysling, is in kombinaasje fan Fryslân en it druvesoart Riesling.

Druven plukke op wyngerd De Frysling yn Twizel - Foto: Omrop Fryslân

Gjin reade wyn

Ofrûne wike waarden de wite druven fan it ras Johanniter plukt foar ien fan harren brûswinen. Allinne de boppeste trossen meie plukt wurde, omdat dizze krekt wat soerder binne as de ûnderste trossen. De plukkers moatte der dus efkes goed omtinke. De ûnderste trossen rypje noch efkes fierder foar gewoane wite wyn. Reade wyn meitsje Douwe en Jantiene net, dêrfoar krije de druven krekt net genôch sinne. Al soenen se it dit jier bêst ris besykje wolle, it hat úteinliks sa'n enoarm moaie simmer west.

Ferslachjouwer Aukje de Hoop socht Douwe Broersma dizze wike op by de druvepluk

De reportaazje is te hearren yn Buro de Vries, sneintemoarn tusken 11.00 en 13.00 oere.

(advertinsje)