Gjin goed wykein foar de Fryske kuorballers

It wie sneontejûn in drokke jûn foar de Fryske kuorballers. Trije Fryske ploegen spilen in wedstriid tsjin oare teams út Nederlân.
Yn de eareklasse A spile LDODK gelyk tsjin DOS'46 út Nijeveen: 17-17. Yn de lêste wedstriid fan dit jier wie it lang spannend. By it skoft stie it 10-8 foar de ploech út Drinte, mar yn de twadde helte kaam LDODK goed werom. Winst siet der krekt net yn.

Mid-Fryslân

Yn de haadklasse A spile Mid-Fryslân tsjin OVVO út Maarssen. Dy wedstriid einige ek yn gelykspul. It waard 18-18. Wat de kwaliteit fan it spul en it ferrin fan de skoare oanbelanget, hie Mid-Fryslân goeie kâns hân om te winnen.
SCO - Groen Geel © Gerrit Jan Prakken

SCO

Yn dyselde haadklasse spile SCO yn Aldeholtpea sneontejûn tsjin Groen Geel út Wormer. De wedstriid einige yn 17-27 foar de útploech.