Trije auto's botse op de N361 by Dokkum

Op de N361 by Dokkum binne sneontenacht trije auto's mei elkoar yn botsing kommen. De helptsjinsten waarden krekt nei middernacht alarmearre. Se troffen twa skansearre weinen oan en ien auto dy't yn de sleat ta stilstân kaam wie.
© De Vries Media
Twa persoanen binne mei ûnbekend letsel nei it sikehûs brocht. Neffens tsjûgen wie ien persoan nei it ûngelok útnaaid. By it sykjen trof de plysje in jonge oan dy't út de sleat kaam, úteinlik binne twa jonges oanhâlden.
De Lauwersseewei tusken Dokkum en Mitselwier hat in skoft ôfsletten west. De oarsaak fan it ûngelok is net bekend, dêr wurdt ûndersyk nei dien.
© De Vries Media