Earste PDC-winst foar darter Danny Noppert fan De Jouwer

Darter Danny Noppert fan De Jouwer hat yn Dublin it Players Championship wûn. It is de earste PDC-titel foar Noppert. Yn de finale fersloech er de Ingelsman Ian White mei 6-4. White is de nûmer alve fan de wrâld.
Danny Noppert © www.orange-pictures.nl
Noppert pakte al gau in 4-1 foarsprong. White 'The Diamond' kaam sterk werom, en makke der sels 5-4 fan. Syn tsiende leg wie min, en sa koe Noppert mei in 14-darter de oerwinning binnenslepe.
Noppert stunte yn de heale finale troch mei 6-3 te winnen fan Rob Cross. Dy wûn it lêste WK troch Michael van Gerwen en Phil Taylor út te skeakeljen, en is de nûmer trije fan de wrâld.
De bêste darter fan de wrâld, Michael van Gerwen, en Raymond van Barneveld diene ek mei, mar dy waarden beide yn de earste ronde al útskeakele.
Der binne twa grutte dartorganisaasjes: de PDC en de BDO. Oan it begjin fan dit jier makke Noppert definityf de oerstap nei it kommersjele dartbûn PDC.